Yn it skaad fan de wolf

Prijs € 24,50

Uitverkocht

Ook beschikbaar als:

Lois McMaster Bujold

Paperback | Mei 2014 |

Beoordeel dit boek als eerste!

Beschrijving

Ingrey sjocht himsels as in sljochtwei kriichsman, sij it ien mei in boppenatuerlik erfskip, en as in trou tsjinner fan 'e segelmaster, hear Hetwar, dy't it Wold regearret no't de hjelkening op stjerren leit. Mar as der op in jachtslot yn in úthoeke fan it lân in prins fermoarde wurdt, en Hetwar oan him de opdracht tafertrout om it lyk en de moardneresse nei de haadstêd te bringen, ûntdekt Ingrey dat der frjemde en ôfgryslike dingen geande binne, dêr't hysels oan kop en earen ta yn behelle rekket. In moard dy't selsferdigening blykt te wêzen, in moardneresse dy't op mear as ien mêd Ingrey syn oandacht opeasket, in moardsuchtige betsjoening dy't him oplein wêze moat troch immen út syn kunde ... De wei werom nei de haadstêd is fol gefaren. En sels as er dêr wer oankomt, is er noch net feilich, want in dûnkere, skriklike fijân kriget him yn 'e macht. Mar it docht bliken dat dat net de iennichste is dy't Ingrey besiket te manipulearjen. En dan wurdt njonkelytsen oan Ingrey iepenbiere hokker lotsbestimming oft oan him taparte is troch de goaden, de ferflokten en de deaden. Lois McMaster Bujold (1949) is ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske science fiction- en fantasy-auteurs. Mei har oeuvre fan hast tritich romans en novelles, wêrûnder de populêre Vorkosigan-rige, hat se troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn. Har wurk is oerset yn likernôch tweintich talen, en se hat fans oer de hiele wrâld. Bujold is hikke en tein yn 'e neite fan Columbus, yn 'e steat Ohio, mar wennet al mear as tweintich jier yn Edina, in foarstêd fan Minneapolis, yn Minnesota. Se hat twa folwoeksen bern. Mear ynformaasje (yn it Ingelsk) is te finen op Bujold har offisjele webside www.dendarii.com.

Volledige beschrijving

Specificaties

Auteur
Lois McMaster Bujold
Uitgever
Elikser B.V. Uitgeverij
ISBN
9789089546289
Bindwijze
Paperback
Publicatiedatum
Mei 2014
Categorie
Algemeen
Taal
Friestalig
Aantal Pagina's
487

Schrijf een recensie

Velden met een * zijn verplicht

Specificaties

Auteur
Lois McMaster Bujold
Uitgever
Elikser B.V. Uitgeverij
ISBN
9789089546289
Bindwijze
Paperback
Publicatiedatum
Mei 2014
Categorie
Algemeen
Taal
Friestalig
Aantal Pagina's
487

Actuele bestsellers!

  • 22,99
  • 18,99
  • 24,99
  • 23,00
  • 15,00
  • 15,99
  • 18,99
  • 15,00
  • 23,99
  • 24,99