Koartsluting

Prijs € 13,95

Uitverkocht

Ook beschikbaar als:

Akky van der Veer

Paperback | Oktober 2014 |

Beoordeel dit boek als eerste!

Beschrijving

Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar koartsluting yn de ferhâlding mei syn mem. En dan is Jurre der noch, klassegenoat fan Yfke, dy't ferlyfd op har is. Hoe moat er har dat dúdlik meitsje? Geandewei reitsje de ferhaallinen fan Harry en Jurre mei elkoar ferbûn. Akky van der Veer skreau Koartsluting yn opdracht fan it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean. It ferskynde yn 1991 yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw. Dizze werútjefte is neffens de earste, sûnder de yllustraasjes.It ferhaal fan Harry Stobbe is meinimmend en aktueel.K. Dantuma yn Frysk en FrijIt binne libbene persoanen dy't Van der Veer hjir delset. Henk van der Veer yn it Sneeker NieuwsbladAkky van der Veer (1943) folge de oplieding foar ûnderwizeres en foar Frysk MÛ-A. In tal jierren stie se yn Snits foar de klasse. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt út 1985, dat ek by TDE ferskynd is. Oare boeken fan har binne Grutte wurden, Kuneara en yn 2013 Brieven oan ús mem.

Volledige beschrijving

Specificaties

Auteur
Akky van der Veer
Uitgever
TDE
ISBN
9789089546692
Bindwijze
Paperback
Publicatiedatum
Oktober 2014
Categorie
Overig
Taal
Friestalig
Aantal Pagina's
100

Beschrijving


Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar koartsluting yn de ferhâlding mei syn mem. En dan is Jurre der noch, klassegenoat fan Yfke, dy't ferlyfd op har is. Hoe moat er har dat dúdlik meitsje? Geandewei reitsje de ferhaallinen fan Harry en Jurre mei elkoar ferbûn.
Akky van der Veer skreau Koartsluting yn opdracht fan it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean. It ferskynde yn 1991 yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw. Dizze werútjefte is neffens de earste, sûnder de yllustraasjes.


It ferhaal fan Harry Stobbe is meinimmend en aktueel.
K. Dantuma yn Frysk en Frij

It binne libbene persoanen dy't Van der Veer hjir delset.
Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad



Akky van der Veer (1943) folge de oplieding foar ûnderwizeres en foar Frysk MÛ-A. In tal jierren stie se yn Snits foar de klasse. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt út 1985, dat ek by TDE ferskynd is. Oare boeken fan har binne Grutte wurden, Kuneara en yn 2013 Brieven oan ús mem.

Schrijf een recensie

Velden met een * zijn verplicht

Specificaties

Auteur
Akky van der Veer
Uitgever
TDE
ISBN
9789089546692
Bindwijze
Paperback
Publicatiedatum
Oktober 2014
Categorie
Overig
Taal
Friestalig
Aantal Pagina's
100

Actuele bestsellers!

  • 22,99
  • 18,99
  • 24,99
  • 23,00
  • 15,00
  • 15,99
  • 18,99
  • 15,00
  • 23,99
  • 24,99